Plannen lege fersoargingshuzen

09 okt 2014 - 16:36

Foar in grut part fan de fersoargingshuzen yn Fryslân driget leechstân. Dat komt ûnder oare trochdat it foar âldere minsken hieltiid dreger wurdt om in plak yn sa'n hûs te krijen. Direksjes fan fersoargingshuzen yn hiel Nederlân binne dwaande mei plannen om dy lege plakken op te foljen.

Fersoargingshûs Warrenhove yn Drachten krige help út ûnferwachte hoeke. Learlingen fan it Liudger Technasium betochten plannen en leine dy tongersdei foar oan de direksje. Sa kinne neffens de learlingen de lege plakken wol opfolle wurde troch studinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)