Cambuur wint fan SV Meppen

Martijn Barto © awfoto.nl
SC Cambuur pakte tongersdei in 2-1 oerwinning yn de oefenwedstriid tsjin de Dútske klup SV Meppen. Alle treffers foelen pas yn de twadde helte. De iepeningstreffer kaam op namme fan Dejan Meleg, dy't in foarset fan Martijn Barto binnenskeat. Mei noch fjouwer minuten op 'e klok soarge ditselde twatal ek foar de 2-0. Dit kear wie it Barto dy't in pass fan Meleg fersulvere. Yn de slotfaze tekene SV Meppen foar de einstân.
Cambuur makket him no op foar de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean dy't foar snein 19 oktober op it programma stiet.