Karmerk foar Nij Smellinghe
De pasjinteferiening Hart- en Vaatgroep hat sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten it spatier-karmerk jûn. De feriening beoardielt sikehûzen en behannelsintra yn Nederlân neffens rjochtlinen fan sjirurgen, dermatologen en laboranten.
Hast twatredde fan de beoardielde ynstellings hat it karmerk krigen.