25.000 sinnepanielen yn Garyp

Sinne-enerzjykoöperaasje Garyp wol sa'n 25.000 sinnepanielen delsette op it eartiidse stoart. Tongersdeitejûn bûcht de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel him oer de kosten fan in fergunning foar it sinnepanielprojekt.
It projekt rint yn de 10-tûzenen euro's en dat is foar de koöperaasje net te beteljen. It kolleezje is no fan doel om in 'symboalysk' bedrach fan 200 euro te rekkenjen. It sinnepanielprojekt fan Garyp krijt stipe fan ûnder oare banken, pensjoenfûnsen, partikulieren en de provinsje.
As it sinnepanielprojekt trochgiet, kinne de sinnepanielen enerzjy opwekke foar sa'n 1500 húshâldings.