ELP driget mei boykot ried

Fraksjefoarsitter Ynze de Vries fan de Eerste Lokale Partij (ELP) yn Smellingerlân driget de riedsgearkomsten yn de takomst te boykotten as der gjin iepen debat mooglik is oer De Lawei. Tongersdeitejûn is der in spoeddebat oer de problemen by de bou fan de Drachtster skouboarch.
Neffens De Vries is de kâns grut dat de koälysjepartijen kritykleas efter wethâlder Krans stean bliuwe, wylst se neffens de opposysje grutte flaters makke hat. Sa soe se net genôch dien hawwe om de rûzje tusken bouwer Van Norel en de Lawei-direksje op te lossen.
De bou fan De Lawei leit troch dy rûzje op dit stuit stil en kostet mooglik miljoenen ekstra. De ELP sil jûn mei de oare opposysjepartijen mooglik mei in moasje fan wantrouwen komme.