Warskôging ynbraken Snits

09 okt 2014 - 11:40

Yn Snits en omkriten waard yn de ôfrûne trije moanne 49 kear ynbrutsen. Dat meldt plysje Snits op Twitter. It giet om ynbraken yn en stellerijen út wenningen. Yn de sifers binne ek de babbeltrúks oan de foardoar meinaam. De plysje hat de sifers op in rige setten no't mei de tsjustere dagen foar de doar it tal ynbraken wer tanimme sil.

Ferline jier is der fan oktober oant maart 265 kear ynbrutsen yn it wurkgebiet fan de plysje Snits. Neffens de plysje is it wol goed om te sjen dat minsken better oplette en fertochte situaasjes earder melde.

Trefwurden: 
plysje ynbraken Sneek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)