Taksyskeel foar de rjochter

Taksy Oenema © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn Ljouwert tsjinnet tongersdei in koart pleit fan taksybedriuw Oenema tsjin soarchgroep Alliade. Oenema wol in heal miljoen euro ha foar it hendikepteferfier dat sy útfierden foar de soarchgroep. Alliade wol dat jild lykwols net betelje om't sy de taksyferfierder fertinke fan sjoemeljen mei de kilometerfergoeding.
Alliade wol dêrom dat Oenema earst alle ynformaasje oer de taksyritten fan de ôfrûne fiif jier beskikber stelt. Oenema fersoarge jierrenlang it hendikepteferfier foar Alliade, mar ferlear koartlyn de konsesje oan Klomp út Ede.