Opposysje lulk om Laweikwestje

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De folsleine opposysje fan Smellingerlân is lulk op de gemeente en har opstelling oer de Lawei. Leden fan de ried wienen woansdei op besite op it bouplak en hienen in petear mei oannimmer Van Norel. De partijen tinke dat mei mediation noch wol in oplossing fûn wurde kin. It kolleezje fan b. en w. en de Lawei wolle lykwols fierder mei in oare bouwer.
De opposysje fynt boppedat dat wethâlder Marja Krans iensidige ynformaasje oer de kwestje jûn hat. Tongersdei is in spoeddebat. De partijen tsjinje dan mooglik in moasje fan wantrouwen yn.
Van Norel hat noch hieltyd it bouplak ôfsletten om't de bouwer earst jild sjen wol fan de Lawei. De Ried fan Arbitraazje foar de bou joech de oannimmer dêryn ferline wike gelyk.