"Tall Ships jild wol wurdich"

08 okt 2014 - 22:08

De Tall Ships Races yn Harns hawwe de gemeente hast 800.000 euro koste, mar it evenemint wie it jild seker wurdich. Dat sei boargemaster Roel Sluiter woansdeitejûn yn de riedsfergadering, wêryn't weromsjoen waard op it ynternasjonale evenemint fan fjouwer dagen yn july.

Rom sechtich grutte sylskepen kamen begjin july nei Harns en lutsen goed 200.000 minsken nei de Fryske havenstêd. It reinige waar soarge lykwols foar minder minsken as de ferwachte 300.000 besikers. It evenemint ferrûn sûnder grutte ynsidinten, fertelde Sluiter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)