Twadde winst follybalfroulju

08 okt 2014 - 21:50

De follybalfroulju fan Snits hawwe woansdeitejûn harren twadde wedstriid fan it seizoen mei 3-1 wûn fan Lycurgus. Yn Grins gong de earste set mei 25-21 nei de Snitser froulju. Yn in twadde set ferspilen de Snitsers in foarsprong fan 6 punten en joegen de setwinst mei 28-26 oan de Grinzers.

Yn de tredde set herstelde de ploech fan trainster Petra Groenland him en pakte op 'e nij de lieding (25-20). Yn de lêste set soarge in goed servearjende Denise Baas foar de 25-18 setwinst en pakte dêrmei de oerwinning.

Trefwurden: 
follybalfroulju Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)