Bern leare oer Jopie Huisman

Bern kinne tenei in edukatyf programma folgje yn it Jopie Huisman Museum. Mei in koffer fol skildersguod gean de bern op reis troch it museum. Sa kin der op souder tekene of skildere wurde en gean de jonge besikers de skilderijen fan Jopie Huisman bydel om yn 'e kunde te kommen mei de ferneamde skilder út Warkum.
It programma waard woansdeitemiddei offisjeel iepene troch deputearre Jannewietske de Vries. It programma foar de bern is ûnderdiel yn de tarieding op Kulturele Haadstêd 2018.