Fryske film op Gryks festival

De film D.E.A.L. fan de Fryske filmmakker Fedde Hoekstra is ein oktober te besjen op in ynternasjonaal filmfestival yn Grikelân. It festival heart by de top tweintich fan grutste filmfestivals yn Europa. Der komme sels Oscarwinners nei dat festival.
D.E.A.L. giet oer in 16-jierrige jonge dy't gjin nocht hat oan syn staazje yn de technyske wrâld. As er op de earste dei in drugsbende ûntdekt, wurdt de staazje dochs noch in hiel aventoer. Skoallen litte de film fan Hoekstra ek sjen oan learlingen om se entûsjast te meitsjen foar de technyk.
Nei't de film op it filmfestival yn Grikelân presintearre wurdt, is der begjin novimber ek te sjen op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert.