Trochstart Engelsma&Wijnia

Website Engelsma & Wijnia © engelsmawijnia.nl
De fallite Opel-dealer Engelsma en Wijnia makket sa goed as wis in trochstart. Neffens kurator René Luinstra is der in serieuze oernamekandidaat. Opel Nederlân stelt ek dat der ynteresse is yn de trije garaazjebedriuwen. It is net dúdlik oft alle 50 personielsleden oan it wurk bliuwe kinne. De problemen by Engelsma en Wijnia bin ûntstien troch de weromrinnende autoferkeap.
Takom wike tinkt de kurator dúdlikheid te hawwen oer wa't it garaazjebedriuw oernimt.