Diskobus nei De Prins Boalsert

Club © Omrop Fryslân
Besikers fan diskoteek De Prins yn Boalsert kinne fan 1 novimber ôf meiride mei in nije diskobus. Foar tsien euro wurde de kafeebesikers fan hûs ophelle en yn de nacht wer thús brocht. Yn gearwurking mei GeDe Travel sil de bus trije rûtes ride nei plakken yn de omkritten fan Boalsert. Doel is om kafeebesikers feilich reizgje te litten.
Yn de bus rydt ek in befeiliger mei, dy't der foar soarget dat de boel hiel bliuwt. De ynset fan de diskobus wurdt oan de ein fan de moanne evaluearre.