Romte makke foar nije natuer

08 okt 2014 - 15:51

Yn it natuergebiet Van Oordt's Mersken tusken Beetstersweach en Terwispel moatte tenei bysûndere plantesoarten groeie. It Natura 2000 gebiet by it Keningsdjip wurdt dêrom op in oare wize ynrjochte. Der wurdt 4 hektare fan it terrein ôfgroeven en sleatten wurde tichtsmiten of minder djip makke.

It wetter kin sa minder goed fuortkomme en sa wurdt it gebiet wieter. Mei de maatregels komt der mear romte foar de woartelstelsels fan planten, lykas blaugers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)