Cambuur net tsjin Manchester

08 okt 2014 - 14:27

SC Cambuur hat in útnoeging fan Manchester United om dizze wike in oefenwedstriid te spyljen ôfslein. De wedstriid yn it legendaryske Old Trafford stadion paste net yn it programma fan de Ljouwerters.

De klup wie benadere troch Albert Stuivenberg, assistint fan trainer Louis van Gaal. Dy hie Cambuur útnoege fanwege de oansprekkende resultaten fan de Ljouwerters. Cambuur hat oanjûn in oare kear graach mei te wurkjen oan in oefenwedstriid tsjin Manchester United.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)