Nienhuis en Bakker ferlinge

08 okt 2014 - 14:00

Leonard Nienhuis en Erik Bakker hawwe har kontrakt mei Cambuur ferlingd. Beide spilers stean no oant en mei de simmer fan 2017 ûnder kontrakt by de Ljouwerter fuotbal organisaasje. Keeper Nienhuis is sûnt de lêste wedstriden fan it kampioensjier 2013 de fêste earste keeper fan Cambuur. Erik Bakker kaam yn 2011 oer fan PEC Zwolle. Hy is mei syn fjirde seizoen dwaande. Yn de 94 wedstriden dy't hy oant no ta spile hat foar Cambuur hat de middenfjilder 25 kear skoard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)