Wapens en drugs yn Ljouwert

08 okt 2014 - 13:52

In 24-jierrige Ljouwerter is tiisdeitemiddei oppakt, omdat hy der fan fertocht wurdt dat hy op 13 maart meiwurkers fan in supermerk oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert bedrige hat. Yn syn hús fûn de plysje sân wapens, ûnder oare in gaspistoal, in selsmakke fjoerwapen en twa boksbeugels. Dêrneist waard der speed, himptoppen en pûdsjes mei ûnbekende drugs fûn. Ek waard in ûntmantele himpkwekerij oantroffen.

De kwekerij is ferneatige, de wapens en drugs binne yn beslach naam.

In 40-jierrige Ljouwerter dy't ek yn de wenning wie is ek oanhâlden. De plysje tinkt dat hy te krijen hat mei de wapens en drugs. Beide fertochten sitte fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs wapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)