Sjek foar húshâldlike help

08 okt 2014 - 12:25

De Fryske gemeenten wolle in Himmelsjek ynfiere foar húshâldelike help. Troch de desintralisaasje fan de soarch reitsje in soad minsken dizze help kwyt. De ynfiering fan de sjek moat der net allinne foar soargje dat minsken de soarch hâlde, mar ek dat 1750 húshâldelikehelpen oan it wurk bliuwe.

Ofhinklik fan it ynkommen kostet in sjek 2,50 of 7,50. Dêrmei kinne minsken sels help ynkeapje by de thússoarch. Soarchbelang Fryslân is bliid mei it inisjatyf fan de gemeenten.

De sjek komt ek beskikber foar mantelsoargers. Dy krije it op dy wize wat makliker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)