Glêsfezel foar Sibrandahûs

Glêsfezel © Omrop Fryslân
Sibrandahûs en Jannum krije definityf in glêsfezeloansluting. Telebedriuw Kabelnoord begjint yn novimber mei de oanlis fan de flugge ynternetferbining. De animo yn Sibrandahûs en Jannum wie neffens Kabelnoord grut genôch om de ynvestearring te dwaan. Dêrby wurdt ek gebrûk makke fan in subsydzje fan de provinsje. Dit jild is bedoeld om de 'ûnrendabele' bûtengebieten oan te sluten op in goede ynternetferbining.