"Neat te dwaan oan fjoerwurk"

08 okt 2014 - 11:08

De gemeente Ljouwert kin foarearst neat dwaan tsjin de klachten oer it ôfstekken fan fjoerwurk. De polityk yn Den Haach bepaalt de regels op dat mêd. Der kamen by de gemeente it ôfrune jier in soad klachten binnen oer it ôfstekken fan fjoerwurk. Ljouwert soe der graach wat tsjin dwaan, mar dat is net mooglik troch de lanlike regels.

Wethâlder Thea Koster seit ta dat de gemeente Ljouwert yn de kommende tiid toch besykje sil om wat te dwaan tsjin de klachten oer it fjoerwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)