Falsk jild yn Snits en Penjum

08 okt 2014 - 10:16
Jild - Foto: ANP XTRA

Yn Snits en Penjum is tiisdei trije kear mei falske 50 euro-biljetten betelle. Yn totaal brûkten de fertochten fjouwer 50 euro-biljetten, dy't troch de plysje allegear yn beslach nommen binne. De plysje warskôget minsken dat it beteljen mei falske biljetten hieltyd mear foarkomt.

(advertinsje)
(advertinsje)