CIOS It Hearrenfean 40 jier

08 okt 2014 - 08:14

It CIOS op It Hearrenfean bestiet 40 jier. De sportoplieding fiert dit woansdei, tongersdei en freed mei tal fan aktiviteiten. Sa is der ûnder oare in reuny, mar der wurdt ek sjoen nei de takomst fan it CIOS, dat stiet foar Centraal Instituut Opleiding Sportleiders.

De oplieding hat tal fan bekende nammen nei foaren brocht, lykas Gert-Jan Verbeek en Jan de Jonge. Der binne op dit stuit noch fiif CIOS-opliedings yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)