Enerzjyhuzen yn Hurdegaryp

In hûs dat jo eigen enerzjysintrale is. Dat is it idee achter de nij te bouwen wenwyk yn Hurdegaryp. De gemeente Tytsjerksteradiel en projektûntwikkelder Van Wijnen wolle takom jier úteinsette mei de bou fan de wyk. Earst moat der in modelwenning komme. Dêr kinne minsken yn de kunde komme mei it saneamde enerzjyhûs. Dêrnei is der romte foar sa'n 22 wenten.
De gemeente hopet mei de enerzjyhuzen te foldwaan oan de winsken fan de keapers dy't hieltyd kritysker wurde. De wenninglesten soene ek in stik leger lizze as gewoanwei.
Kommende sneon 11 oktober is der in ynformaasjemerk oer de nije wyk.