Jeugdsoarch liedt needklok

07 okt 2014 - 17:20

Neffens jeugdsoarchynstellings stelle de Fryske gemeenten fan 1 jannewaris ôf te min jild beskikber foar de jeugdsoarch. Se skriuwe dat yn in brânbrief oan de Twadde Keamer. Ien fan de ynstellings dy't de needklok liede is it sintrum foar berne- en jeugdpsychiatry Accare yn Grins, dat ek yn Fryslân wurket.

Accare seit mei de nije budzjetten mar 10 persint fan de pasjinten behannelje te kinnen. No binne dat der noch goed 2000, dat soene dan noch mar goed 200 wêze. Der wurdt op dit stuit noch oerlein mei ferskate Fryske gemeenten oer hoe't it takom jier komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)