Eksperimint wetterstân útsteld

07 okt 2014 - 16:39

De wetterstân yn de Lauwersmar wurdt pas yn de maitiid fan 2016 tydlik mei maksimaal 40 sintimeter ferhege. It eksperiment soe eins takom jier al begjinne en seis wiken duorje, mar in soad minsken út de omjouwing binne der net bliid mei. Sy hawwe no al problemen, as it wetter heech stiet.

It útstel fan in jier wurdt brûkt om nochris goed nei de beswieren te sjen. Der wurdt in nulmjitting dien om goed fêstlizze te kinnen hoe't alles der no hinne leit. Benammen de natuer is holpen mei in wetterstân dy't net altiten gelyk is.

It reid groeit better by in wikseljende wetterstân, de ferrûging fan it gebiet wurdt wat opkeard en de ôfslach fan wâlskanten moat minder wurde. As de proef slagget, sil it wetter benammen winterdeis en yn de iere maitiid út en troch heger stean.

Trefwurden: 
wetterstân Lauwermar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)