Frijspraak yn Keldersbrân

07 okt 2014 - 13:33

De rjochtbank yn Ljouwert hat de 39-jierrige fertochte fan de grutte brân op de Kelders frijsprutsen. Neffens de rjochters hat de man wol ûnfoarsichtich west by it útdraaien fan in gaskachel, mar giet it te fier om him de bran en alle gefolgen oan te rekkenjen. It iepenbier ministearje hie in selstraf fan in heal jier easke.

By de brân, yn oktober ferline jier, foel in deadlik slachtoffer en baarnden ferskate gebouwen yn de binnenstêd hielendal ôf. De fertochte wurke by de kleansaak dêr't de brân ûntstie.

De sintrale ferwaarming wie stikken, dêrom stie der in losse gaskachel yn de winkel. It is noch ûndúdlik oft it iepenbier ministearje yn heger berop giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)