Yllegaal fjoerwurk yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert wurdt de ôfrûne wiken teistere troch yllegale fjoerwurkbommen. Sûnt septimber binne jûns rûnom yn de stêd hurde knallen te hearren. By de plysje binne al achttjin meldings binnenkaam. Ferline jier wiene dat folle minder.
De plysje is dwaande om ynformaasje yn te sammeljen oer de dieders en hopet dêrom dat minsken it melde wannear't der fjoerwurk ôfstutsen wurdt.