"Grutte strop Lawei driget"

De finansjele strop foar it ôfbouwen fan De Lawei kin foar de gemeente Smellingerlân noch folle grutter wurde. Fraksjefoarsitter Jan Groen fan it CDA tinkt dat de lesten foar de gemeente wol oprinne kinne ta 5 miljoen euro.
It CDA en de oare opposysjepartijen yn de ried fan Smellingerlân hawwe boargemaster Van Bekkum om in ekstra spoeddebat frege oer De Lawei. CDA-fraksjefoarsitter Jan Groen hat der net folle betrouwen mear yn dat Lawei-direkteur Stef Avezaat en kultuerwethâlder Marja Krans it projekt noch ta in goed ein bringe kinne.
It CDA fynt dat de gemeente, ek nei de ferlerne proseduere foar de Ried fan arbitraazje foar de bou, better besykje kin om der mei help fan in mediator mei oannimmer Van Norel út te kommen.
Direkteur Avezaat fan De Lawei tinkt dat de skouboarch in goede kâns makket om de boaiemproseduere fan oannimmer Van Norel te winnen oan de ein fan dit jier. Groen set dêr grutte fraachtekens by. 'Der is net folle dat derop wiist dat it dy kant útgean sil', sa seit er.
It CDA en de oare partijen hawwe frege om in spoeddebat oer De Lawei op oankommende tongersdei. Boargemaster Van Bekkum hat mei it fersyk ynstimd. It spoeddebat is tongersdeitejûn om healwei achten.