Minder propedeuse-útfal HBO

07 okt 2014 - 12:12
Iepening fan it nije stúdzjejier - Foto: Twitter.com

Earstejiers HBO-studinten út Fryslân helje op 'e nij bettere resultaten as oare studinten. Dat konkludearje Bert Jan Flim en Jelle Nauta yn it fernijde Propedeuserapport 2012-2013 HBO Fryslân.

Oer in perioade fan de ôfrûne tsien jier is de útfal fan Fryske studinten 5 prosint leger as lanlik. Ald-studinten fan Fryske skoallen binne ek tefredener oer de oansluting mei harren oplieding.

(advertinsje)
(advertinsje)