Steateleden bypraat oer Thialf

Thialf © ANP
De steateleden dy't har foar har partij dwaande hâlde mei Thialf wurde kommende woansdei om seis oere bypraat oer it opstappen fan in diel fan de rie fan kommissarissen fan iisstadion Thialf. It bypraten wurdt achter sletten doarren dien fanwege de belangen fan Thialf. Tiisdeitemoarn melde de Ljouwerter Krante dat trije fan de fjouwer kommissarissen opstappe. It giet om de trije dy't út namme fan de provinsje yn de rie sitte. Wat krekt de reden fan it opstappen is, is net dúdlik.
It opstappen soe mooglik te krijen hawwe mei ûndersyk yn Brussel nei de provinsjale stipe fan 50 miljoen. De provinsje hat yntusken ûntkend dat it opstappen mei Brussel te krijen hat, mar wol der fierder neat oer sizze.