Ynbrekkers Ljouwert trappearre

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne twa ynbrekkers moandeitejûn op 'e die trappearre by in hûs oan de Archipelwei. In tsjûge seach it duo en warskôge de plysje. Doe't dy oankaam, besocht ien fan de manlju út te naaien, mar de plysjeman koe krekt wat hurder rinne. By de doar fan de wenning binne spoaren fan in ynbraak oantroffen.
De beide ynbrekkers binne 30 en 31 jier. Se sitte fêst op it plysjeburo.