Hanneke Mol 'bistefreon 2014'

07 okt 2014 - 09:54

Hanneke Mol fan bistetehûs De Achtste Hemel yn De Haule is útroppen ta 'bistefreon fan it jier'. De priis is in inisjatyf fan deiblêd De Telegraaf. De lêzers bepale de winner. Mol hat sawat fjirtich bisten dêr't oars gjin plak foar is. Opmerklik is dat se de priis fiifentritich jier ferlyn ek al ris wûn hat foar in opfangprojekt fan kninen.

Frou Mol makket lange dagen, omdat se eins alles allinnich docht. Se hat ien frijwilliger, mar dat is te min. Dêrom is se op syk nei mear minsken dy't har helpe wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)