CDA wol spoeddebat oer Lawei

It CDA fan Smellingerlân wol dat der in spoeddebat komt oer de Lawei en de útspraak fan de Ried fan Arbitraazje foar de bou. Dy oardielde ôfrûne freed dat de skouboarch earst goed 2,3 miljoen euro betelje moat oan bouwer Van Norel, foardat in oar boubedriuw de ferbouwing ôfmeitsje kin.
De partijen VVD, SB en ELP stypje de debat-oanfraach fan it CDA. Dy hat it fersyk yntsjinne by de griffy. Tiisdei wurdt it offisjeel oanfrege by de boargemaster. As dy akkoart giet, is it debat nei alle gedachten tongersdei.