Ynbraak Dunegea: Roemeen socht

06 okt 2014 - 19:41
Foto: Omrop Fryslân

In 27-jierrige Roemeen sûnder fêst wenplak wurdt fertocht fan in ynbraak oan de Wielwei yn Dunegea. De man soe dêr begjin septimber taslein hawwe. Op it plak is DNA fûn.

Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it DNA fan de Roemeen is. De plysje is noch nei de man op syk.

Trefwurden: 
ynbraak DNA Roemeen Dunegea
(advertinsje)
(advertinsje)