Aris wachtet op nije flier

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne yn ôfwachting fan de nije flier yn sporthal It Kealledykje. De hal yn Ljouwert is yn de ôfrune moannen hielendal renovearre, mar de nije flier moat der noch ynlein wurde. Troch min waar hat it transport fan de flier fertraging oprûn. De ûndergrûn moast út Amearika komme. Tiisdei sil de dûane bepale oft de flier nei Ljouwert ferfierd wurde mei. Yn dat gefal sil de flier der freed ynlein wurde. It is noch mar ôfwachtsjen oft de dûane 'Koade Grien' jout.
"Het wordt duimen. Het is kiele kiele allemaal", sa seit Gert Schurer, de manager fan Aris.