Fermist famke terjochte
It 18-jierrige famke dat sûnt sneontejûn fermist waard, is werom. Se is sneontejûn yn oerspannen tastân ôfset út it hûs fan in freondinne yn Sint-Jabik. Sûnt dy tiid hie har famylje gjin kontakt mear mei har krije kinnen.
Neffens har famylje is it famke yn goede sûnens en komt se moandei nei hûs.