Stellerij by busferhierbedriuw
By in ynbraak by Bus Center Noord op 'e Jouwer is in soad ark en audio-apparatuer stellen. Der binne ek kompjûters meinaam út it bedriuw oan de Vegelinswei. De dieder of dieders hawwe in stek iepenbrutsen om deryn komme te kinnen. Bus Center Noord ferhiert bussen, frachtauto's, caravans en oanhingweinen.