F-16's bombardearje dizze wike

06 okt 2014 - 06:19

De Nederlânske F-16's sille noch fan 'e wike foar it earst bombardearje boppe Irak. Dat seit kommodore Eichelsheim, dy't ferantwurdlik is foar de Nederlânske ynbring yn de striid tsjin IS.

De F-16's fleagen snein foar it earst boppe Irak, mar hawwe dêrby noch gjin wapens ynsetten. De test wie bedoeld om te sjen oft de prosedueres wurkje. Dat wie neffens Eichelsheim it gefal. In diel fan de F-16's dy't ynsetten wurde, komt fan de Ljouwerter fleanbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)