Kersbergen Frysk kampioen 10km

© ANP
Immy Auck Kersbergen is snein winner wurden fan it Frysk kampioenskip 10 kilometer hurdrinnen yn Drachten. De rinster fan Lionitas kaam as rapste oer de streek nei in tiid fan 35,37. It twadde plak wie foar Ydwine van der Veen fan AV Heerenveen (38,01), tredde waard Jelly van der Kloet fan Impala (38,31).
By de manlju gong de Fryske titel nei Riekele Kobes fan AV Heerenveen, dy't mei 32,41 tredde waard mar wol de bêste Fries wie. Iwan Kamminga fan Aquilo wûn yn in tiid fan 31,41. Ben Stellingwerf fan SV Veendam waard twadde mei 32,32.