SCO wint thús fan Groen Geel

05 okt 2014 - 16:07

De kuorballers fan SCO wûnen snein mei 26-24 fan Groen Geel. Op eigen fjild moast SCO nei in goede start fan Groen Geel yn de efterfolging. De Aldeholtpeasters werstelden har goed en rûnen by it skoft út nei in 13-10 foarsprong.

Nei rêst moast Marloes Frieswijk mei in ankelblessuere it fjild ferlitte. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk wist de foarsprong te behâlden, mar seach Groen Geel hieltyd tichteby kommen. By in 24-22 stân werstelden Wolter Achttien en Frank van de Veen de marzje fan 4 punten, dy't net mear yn te heljen wie.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)