Ljouwerter dielt klappen út

© Omrop Fryslân
In man fan 19 is sneontenacht yn Ljouwert oanholden by de âlde Doelesteech. De plysje seach dat hy in oare man sloech en dat er tsjin in fyts oan trape fan in frou dy't lâns kaam. De plysje kaam der achter dat de man ek belutsen west hie by in fjochtpartij yn it sintrum fan Ljouwert, earder op de nacht.
De man is meinommen nei it plysjeburo.