Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in dronken jonge fan 15 jier meinommen. Hy wie yn de Prinsetún en hie safolle drank hân dat er net mear op 'e fuotten stean koe. Hy is nei it sikehûs brocht.