Portier Súdkade krijt klappen
De plysje hat sneontejûn in man fan 43 jier oanholden yn Drachten. Hy hie spul krigen mei de portier fan in kafee op de Súdkade yn Drachten. Hy sloech de útsmiter in tal kearen.
De man is oanholden en ynsletten. De portier fan it kafee docht oanjefte fan mishanneling.