Harkiten hurd ûnderút by VVOG

04 okt 2014 - 16:23

Harkemase Boys gong sneon mei 4-0 ûnderút by VVOG. Yn Harderwijk kamen de Harkiten al nei 9 minuten spyljen op efterstân. De thúsploech wie hear en master op eigen fjild en krige kâns op kâns. Op slach fan rêst wie it wer rekke en sochten de Boys de klaaikeamers op by in 2-0 efterstân.

Nei rêst wie de ploech fan trainer Jan Vlap in stik feller, wat resultearre yn kânsen foar Henny Bouius en Jesse Renken. It wie lykwols VVOG dat trefseker wie en de wedstriid in kertier foar de ein yn it slot smiet mei twa rappe treffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)