Muzikaal protest op 'e Sweach

04 okt 2014 - 15:13

Leden fan muzykkorpsen yn Opsterlân sille moandeitejûn protestearje tsjin de plannen fan de gemeente Opsterlân om te besunigjen op kultuer. De gemeenteried fergaderet der moandeitejûn oer. Tsientallen leden fan ferskate muzykkorpsen sille yn 't foar yn it gemeentehûs muzyk meitsje om dúdlik te meitsjen dat se it der net mei iens binne.

De federaasje fan korpsen komt moandei ek mei in eigen plan as alternatyf foar de gemeentlike besunigings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)