1-0 oerwinning Feanfroulju

Fuotbalfroulju SC Hearrenfean © www.vrouwenscheerenveen.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean pakten freedtejûn in 1-0 oerwinning op Club Brugge. Op sportpark Skoatterwâld setten de Feanfroulju goed útein, mar wisten de kânsen net ôf te meitsjen. Nei rêst wie it Sylvia Smit dy't yn de 62e minút de iepeningstreffer op it boerd sette. Mei it nedige gelok en goed ferdigeningswurk wist de ploech fan trainster Jessica Torny yn in spannende slotfaze foar te kommen dat Club Brugge de lykmakker op it boerd sette.
SC Hearrenfean stiet no mei 9 punten út 6 wedstriden op it sechsde plak yn de BeNe League.