Jongeren diele bleatfoto's

04 okt 2014 - 11:47

It rûnstjoeren fan beatfoto's ûnder jongerein bart hieltiid faker. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Eenvandaag jongerepanel. Mear as de helte fan de jongeren, sa'n 55%, jout oan dat se wolris sjogge dat bleatfoto's of bleate filmkes op harren skoalle rûngeane. Faak komt it neffens it ûndersyk foar dat in mei in smartphone makke selfy útlekt.

Opfallend is ek dat sa'n 86% fan de jongerein seit dat har generaasje net goed wit wat de gefolgen binne fan in bleatfoto dy't útlekt. Ek op RSG Magister Alvinus ha wolris ynsidinten west.

De skoalle hat dêrom in Social Media belied opset, om nije ynsidinten te foarkommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)