Flyers dogge mei om de prizen

04 okt 2014 - 11:31

UNIS Flyers wol dit seizoen meidwaan om de prizen. Sawol yn de beker as yn de kompetysje wol UNIS Flyers de finale helje. Dat fertelde trener Chris Eimers. Sneon begjint it seizoen offisjeel foar de Feansters. Dan spylje se yn Thialf om de Ron Bertelingsschaal. Tilburg Trappers is dan de tsjinstanner.

Snein is de return yn Tilburch. Der is yn de simmer in soad bard yn it iishockeyen. Sa binne der noch mar fiif teams oer yn de earedivyzje. De earste kompetysjewedstriid is op freed 10 oktober.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)