Needhelp Tsjûkemar net goed

04 okt 2014 - 11:22

De needhelp oan wettersporters is min regele op de Tsjûkemar. Dêrfoar warskôgje de doarpsbelangen fan fjouwer doarpen oan de grutste mar fan Fryslân. Yn Ychten, Dolsterhuzen, Ychtenbrêge en Eastersee sjogge se dat it fierstente lang duorret foardat bygelyks in wettersporter mei in hertoanfal holpen wurdt.

De brânwacht soe permanint in boat yn Ychten dellizze moatte, fine de doarpsbelangen. Fanút dat plak binne alle hoeken fan de mar fluch te berikken en hoecht der gjin boat út De Lemmer helle te wurden.

De doarpsbelangen binne útein set mei in aksje om de needhelp op de Tsjûkemar better foarinoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)